Museum Opsterlân

2 juli t/m 3 september

Vijf tentoonstellingen, één markante kunstenaar

Leeuwarden 28 juni Vijf Friese musea werken van 2 juli tot en met 9 september samen om de naoorlogse buitenkunst – een rijk maar bedreigd erfgoed – in de spotlights te zetten. In de vijf tentoonstellingen schetsen ze de ontwikkeling van Jaap van der Meij,  één van de vele kunstenaars die na de oorlog aan de slag ging en in opdracht werk in de openbare ruimte maakte. In Fries Historisch en Letterkundig centrum Tresoar in Leeuwarden is op 1 juli de officiële aftrap van de vijf tentoonstellingen met een presentatie van het boek en de première van de film ‘Overlevingskunst’. De tentoonstellingen zullen te zien zijn in Museum Opsterlân in Gorredijk, Museum Sorgdrager op Hollum (Ameland), Museum Dr8888, Museum Heerenveen en Tresoar in Leeuwarden.

De tentoonstellingen met de titels: De Leerling, De vergeten kunstenaar, Het atelier, De laatste indiaan en Overlevingskunst zijn onderdeel van een groter project, Kunst met een Opdracht – kunst en gemeenschap. De openbare ruimte in Nederland staat vol met naoorlogse kunstwerken. Het project gaat middels verschillende onderzoeken na wat die kunstwerken ons tegenwoordig nog te zeggen hebben. Met welke opdracht ging de kunstenaar destijds aan het werk? Wat was het verhaal van het kunstwerk, en herkennen we dat verhaal nog steeds? Of heeft zo’n beeld een heel nieuwe betekenis voor het publiek gekregen?

Deze en andere vragen keren terug in een boek, een documentaire, lezingen, een app waarmee je zelf een tour kunt samenstellen langs ruim 100 kunstwerken in Friesland en deze reeks tentoonstellingen. Daarbij is het oeuvre van Jaap van der Meij (1923-1999) het uitgangspunt. Hij maakte in de jaren zestig en zeventig met name in Noord-Nederland monumentale betonnen beelden, volgens een uniek productieproces. Hij werkte meestal in opdracht, maar wist toch een volstrekt eigen stijl vast te houden, met een Cobra-achtige vormtaal, oersymbolen en een brute zeggingskracht. ‘Overlevingskunst’ noemde hij het zelf.

Overlevingskunst De film ‘Overlevingskunst’ die in samenwerking met Metafoor Media werd gemaakt, belicht de omgang met kunst in de openbare ruimte en gaat nader in op de vraag van wie die buitenkunstcollectie eigenlijk is. De film laat aan de hand van het werk van Jaap van der Meij en andere kunstenaars zien welke dilemma’s er zijn, ook als het gaat om behoud en beheer van die collectie. In de film zijn bijzondere archiefbeelden van Jaap van der Meij opgenomen. Verder komen vanuit verschillende perspectieven onder andere een wethouder aan het woord, een onderzoeker, omwonenden van de kunstwerken en een hedendaagse kunstenaar, die het acceptabel vindt dat haar kunstwerk ergens maar vijf jaar mag staan. En er daarom alvast een herbestemming voor bedenkt.

Overlevingskunst is een film die het publieke debat over kunst in de openbare ruimte voeding geeft.

De film is in iedere tentoonstelling te zien en wordt door Omrop Fryslân en landelijk (FryslânDok) uitgezonden. De uitzenddatum is nog niet vastgesteld.

Kunst met een opdracht, het boek ‘Jaap van der Meij, monumentaal kunstenaar uit de Wederopbouw’ luidt de ondertitel van het rijk geïllustreerde 244 pagina’s tellende boek, dat uitgeven wordt door uitgeverij nai010. Bij het werk van elke monumentale kunstenaar uit de Wederopbouw rijzen vaak vragen als: zegt dit kunstwerk ons nog iets? Wat was ooit de opdracht, welk verhaal wilde het vertellen, en lukt dat nog steeds? In veel gevallen is zelfs de naam van de kunstenaar in de vergetelheid geraakt. Drie verdiepende essays gaan in op de vraag wat deze concrete voorbeelden betekenen voor het vergroten van de betrokkenheid van het publiek in het algemeen. Het boek vormt een welkome  handreiking voor het publiek, professionals en voor eigenaren van kunst in de openbare ruimte om met elkaar in gesprek te gaan over behoud en beheer van deze bedreigde kunstcollectie.

Op pad in Noord-Nederland met de app Ontdek het werk in de openbare ruimte van Van der Meij en van vele andere kunstenaars in Noord-Nederland, via de tour ‘Kunst met een opdracht’. De tour is gratis te vinden op het online platform Izitravel.nl en de projectpagina van Tresoar, en kan zowel in app-vorm als desktop vorm gebruikt worden. Het boek en de tour vullen elkaar aan. De tour omvat 23 kunstwerken van Jaap van der Meij met audiofragmenten waarin ‘Jaap zelf’ over het maken van dat kunstwerk vertelt. Daarnaast zijn er in de app 81 kunstwerken opgenomen van uiteenlopende kunstenaars met achtergrondverhalen en soms audio of filmfragmenten.

De app ‘Kunst met een opdracht’ vormt het begin van wat een Friesland dekkende route gaat worden, langs kunst in de openbare ruimte.

—————————————————————————————————————————

Fiif útstallingen, ien markante keunstner 

Ljouwert 27 juny – Fiif Fryske musea arbeidzje fan 2 july oant en mei 9 septimber mei inoar op om de nei-oarlochske bûtenkeunst – in ryk mar bedrige erfgoed – yn de spotlights te setten. Yn de fiif útstallingen sketse sy de ûntjouwing fan Jaap van der Meij,  ien fan de mannichte keunstners dy’t nei de oarloch oan de slach gong en yn opdracht wurk foar  ’e iepenbiere romte makken. Yn Frysk Histoarysk en Letterkundich sintrum Tresoar yn Ljouwert is op 1 july de offisjele ôftraap fan de fiif útstallingen mei in presintaasje fan it boek en de premjêre fan de film ‘Overlevingskunst’. De útstallingen sille te sjen wêze yn Museum Opsterlân op De Gordyk, Museum Sorgdrager op Hollum (It Amelân), Museum Dr8888, Museum Heerenveen en Tresoar yn Ljouwert.  

De útstallingen mei de titels: : De Leerling, De vergeten kunstenaar, Het atelier, De laatste indiaan en Overlevingskunst binne ûnderdiel fan in grutter projekt, Kunst met een Opdracht – kunst en gemeenschap. Yn de iepenbiere romte yn Nederlân stean in soad nei-oarlochske keunstwurken. It projekt ûndersiket nei wat dy keunstwurken ús tsjintwurdich noch te sizzen hawwe.

Mei hokker opdracht gong de keunstner doedestiids oan it wurk? Wat wie it ferhaal fan it keunstwurk, en werkenne wy dat ferhaal noch hieltyd? Of hat sa’n byld in hiel nije betsjutting foar it publyk krigen? Dizze en oare fragen komme werom yn in boek, in dokumintêre, lêzingen, in app dêr’t minsken sels in eigen tour yn gearstalle kinne by rom 100 keunstwurken yn Fryslân del en de rige útstallingen.

It oeuvre fan Jaap van der Meij (1923-1999) is it útgongspunt fan it projekt. Hy makke yn de jierren sechstich en santich benammen yn Noard-Nederlân monumintale betonnen bylden, neffens in unyk produksjeproses. Hy wurke meastentiids yn opdracht, mar wist dochs in absolút eigen styl fêst te hâlden, mei in Kobra-eftige foarmtaal, oersymboalen en in brute sizzenskrêft. ‘Overlevingskunst’ neamde er it sels.

Overlevingskunst De film ‘Overlevingskunst’ dy’t yn gearwurking mei Metafoor Media makke waard, beljochtet de omgong mei keunst yn de iepenbiere romte en giet neier yn op de fraach fan wa dy bûtenkeunstkolleksje eins is. De film lit oan de hân fan it wurk fan Jaap van der Meij en oare keunstners sjen hokker dilemma’s der binne, ek as it giet om behâld en behear fan dy kolleksje. Yn de film binne bysûndere argyfbylden fan Jaap van der Meij opnommen. Fierder komme fan ferskillende perspektiven út ûnder oaren in wethâlder, in ûndersiker, omwenners fan de keunstwurken oan it wurd en in hjoeddeistige keunstner, dy’t it akseptabel fynt dat har keunstwurken earne mar fiif jier mei stean. En dy der dêrom alfêst neitinkt oer in nije bestimming.  ‘Overlevingskunst’ is in film dy’t it publike debat oer keunst yn de iepenbiere romte fieding jout.  De film is by alle útstallings te sjen en wurdt troch Omrop Fryslân en lanlik (FryslânDok) útstjoerd. De útstjoerdatum is noch net fêststeld.

Keunst mei in opdracht, it boek ‘Jaap van der Meij, monumentaal kunstenaar uit de Wederopbouw’ is de ûndertitel fan it ryk yllustrearre, 244 siden tellende boek, dat útjûn wurdt troch útjouwerij nai010. By it wurk fan elke monumintale keunstner út de Weropbou komme faak fragen boppe as: Seit dit keunstwurk ús noch wat? Wat wie ea de opdracht, hokker ferhaal woe it fertelle, en slagget dat noch hieltyd?

Yn in soad gefallen is it sels de namme fan de keunstner dy’t fergetten rekket. Trije ferdjipjende essays gean yn op de fraach wat dy konkrete foarbylden betsjutte foar it fergrutsjen fan de belutsenens fan it publyk yn it algemien.

It boek foarmet in wolkomme hantrekken foar it publyk, professionals en foar eigeners fan keunst yn de iepenbiere romte om mei inoar yn petear te gean oer behâld en behear fan dizze bedrige keunstkolleksje.

Op paad yn Noard-Nederlân mei de app Untdek it wurk yn de iepenbiere romte fan Van der Meij en fan in soad oare keunstners yn Noard-Nederlân, mei de tour ‘Kunst met in opdracht’. De tour is fergees te finen op it online platfoarm Izitravel.nl en op de projektpagina fan Tresoar, en kin sawol yn app-foarm as as desktopfoarm brûkt wurde. It boek en de tour folje inoar oan. De tour omfettet 23 keunstwurken fan Jaap van der Meij mei audiofragminten dêr’t  ‘Jaap zelf’ yn oer it meitsjen fan dat keunstwurk fertelt. Dêrnjonken binne der yn de app 81 keunstwurken opnommen fan úteinrinnende keunstners mei eftergrûnferhalen en soms audio of filmfragminten.

De app ‘Keunst mei in opdracht’ foarmet it begjin fan in rûte, dy’t folslein Fryslân dekke  sil, by keunst yn de iepenbiere romte del.

 

Meer informatie:

Bert Looper, directeur Tresoar info@tresoar.nl

Projectleider Hanneke Heerema namens Tresoar,  Frysk Histoarysk en Letterkundich Sintrum  hanneke@sjem-en-ko.nl

Communicatie & HR beeldmateriaal: Mattie Boekema, Bureau Maalstroom m.boekema@bureaumaalstroom.nl

 

Kunst met een opdracht http://www.tresoar.nl/Pages/Kunst-met-een-opdracht.aspx

Facebook https://www.facebook.com/kunstmeteenopdracht/

Twitter @kunstopdracht

 

  • Kunst met een opdracht – kunst en gemeenschap’ is een initiatief van sjèm en ko. en wordt uitgevoerd in opdracht van Tresoar, Frysk Histoarysk en Letterkundich Sintrum,  in samenwerking met de Amelander Musea, Museum Drachten, Museum Heerenveen, Museum Opsterlân en vele anderen.

 

Het project werd mogelijk gemaakt door de bijdragen van

de Rijksdienst voor het Cultureel Erfgoed (RCE), het Mondriaan Fonds, VSBfonds,

BankGiro Loterij Fonds/Stichting DOEN, BNG Cultuurfonds, Stichting Zabawas,

GGB Bolhuisfonds, Gravin van Bylandt Stichting en het Brucken Fock Fonds.

Sponsoren: sjèm en ko., Metafoor Media.

 

Blijf op de hoogte van nieuwe exposities en het laatste nieuws.